Leenstra net nei NK allround

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra docht net mei oan it NK allround op It Hearrenfean. De Fryske reedrydster soe dêr har titel ferdigenje, mar se hat in drokke earste helte fan it seizoen achter de rêch en fynt it better om de titelstriid oan har foarbygean te litten.
Lotte van Beek docht ek net mei oan it NK allround. Beide reedrydsters sykje mei it Team Van Veen in nije sponsor. Se dogge it allebeide goed. Marrit Leenstra wist ûnder oare de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Kolomna op har namme te skriuwen.
It Nederlânsk kampioenskip allround is op 29 en 30 desimber yn Thialf.