Auto yn wetter by De Jouwer

25 des 2012 - 11:08

By de rotonde fan De Jouwer is tiisdeitemoarn in auto yn de sleat bedarre. Dat barde op de bypass fanút de rjochting fan De Lemmer. Dûkers fan Snits, Ljouwert en Sint Nyk waarden oproppen, mar hoegden úteinlik neat te dwaan.

De brânwacht fan De Jouwer krige al gau yn de gaten dat de froulike bestjoerder net ferwûne wie en net fêst siet. Omdat sy net droech op de wâl komme koe, is der in planke neist de doar lein. Dêroer koe sy feilich wer op de kant komme.

Trefwurden: 
ûngelok brânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)