Krysttiid yn sikehûs MCL
Op in soad plakken yn Fryslân hawwe koarkes tiisdeitemoarn krystferskes songen. Dat bart fan âlds altyd op strjitte, mar ek yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr giet al sûnt tachtich jier moarns betiid in ingelekoar troch de gongen.
It koar moat pasjinten wat meijaan fan it krystgefoel. De tradysje begûn yn de jierren tritich yn it âlde Bonifatiushospitaal.