Foedselbank: 30% mear gesinnen

24 des 2012 - 11:54

It tal Fryske gesinnen dat in berop docht op de foedselbank is it ôfrûne jier mei 30 prosint tanaam. Dat tal leit heger as it lanlik gemiddelde. It giet om sa'n 1500 gesinnen dy't ôfhinklik binne fan de foedselbank.

Ien en oar docht bliken út ynformaasje fan alle 17 Fryske foedselbanken. Oer it gehiel sjoen hawwe de foedselbanken genoch oanbod fan iten.

Trefwurden: 
ekonomy foedselbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)