LDODK kânsleas tsjin Nic

23 des 2012 - 21:44

De kuorballers fan LDODK rûnen snein yn Grins tsjin in gefoelich ferlies oan. Thúsploech Nic wie mei 25-18 te sterk. Nei in kertier spyljen wie it al 7-3 foar de Grinzers. LDODK siet net lekker yn de wedstriid en koe benammen Ricky Wu (11 goals) en Rianne Echten (9) net yn 'e stringen hâlde. Nei 13-8 healwei, waard it gat tsien punten (21-11). Nei de 25-18 einstân klimt Nic nei it sechsde plak mei 6 punten út 7 wedstriden. LDODK sakket mei 5 út 7 nei it achtste plak.

Trainer Jan Sjoerd Pool hat syn kontrakt by LDODK mei in jier ferlinge.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)