Oerfal Poiesz supermerk

23 des 2012 - 20:32

De Poiesz supermerk oan de Wilgenstrjitte yn Ljouwert is sneintemiddei krekt foar sluting oerfallen troch twa manlju. Der wie noch in moai tal klanten yn de winkel doe’t it barde. Ien fan de oerfallers bedrige in kasjêre mei geweld en krige in ûnbekend, mar nei alle gedachten net hiel grut bedrach mei. De twa naaiden dêrnei rinnend út. Ien dieder hie in tinte hûdskleur, wie 1.75 grut en rûn op swarte Nike sealfuotbalskuon. Hy hie in swarte sjaal en in reinjas mei in swarte trainingsbroek oan en in breide mûtse mei dêrop in logo of embleem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)