Mid-Fryslân pakt hikkesluter

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha sneontejûn nipt wûn fan hikkesluter GKV út Gorinchem. Yn sporthal De Twine waard it 27-26 yn it foardiel fan de ploech út Grou en Reduzum.
Troch de winst stiet Mid-Fryslân mei 6 punten út 7 wedstriden op it 5e plak yn de haadklasse B. It ferskil mei de nûmer 6 Groen Geel en de nûmer 7 Hoogkerk is no 2 punten. Underoan stiet GKV mei 2 punten. DOS '46 út Nijeveen giet mei 12 punten oan de lieding.