Ljouwerter mishannele

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Twa Ljouwerters fan 18 jier binne sneontenacht oanhâlden yn de haadstêd. Se hienen in man mishannele. Meiwurkers fan de fytsestalling oan it Saailân melden de mishanneling by de plysje. De plysje trof de trije mannen oan. In Ljouwerter (22) sei dat er troch de twa oaren mishannele wie. De fertochten binne foar neier ûndersyk ynsletten.