Bestjoerder tsjin brêgeleuning
Yn Boalsert is sneon in bestjoerder (70) út Balk tsjin de brêgeleuning riden. De man wie net goed wurden en rekke de macht oer de auto kwyt. By de brêge yn de Stoombootkade ried er doe tsjin de brêgeleuning. De man is foar ûndersyk nei it sikehûs yn Snits brocht.