Ravaazje troch flessesmiter

© Omrop Fryslân
In man hat sneontejûn yn in supermerk yn Ljouwert in ravaazje oanrjochte. Yn de winkel oan de Prins Hendrikstrjitte smiet de man om noch ûnbekende reden en sûnder oanlieding tsientallen flessen stikken op de flier. Doe't in meiwurker sei dat er ophâlde moast, waard er sels mei flessen bekûgele. In soad itensguod rekke beskeadige en ûnferkeapber troch it glês dat opspatte. De plysje hat de man oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten. De skea yn de winkel is grut.