Mear klanten by voedselbanken

23 des 2012 - 10:57

De voedselbanken yn it lân sjogge troch de ekonomyske krisis it oantal klanten hurd tanimmen. Foaral yn dizze tiid foar de krystdagen, melde har in soad minsken oan, seit in wurdfierder.

Ek yn Ljouwert rint it oantal nije oanmeldingen hurd op. In pear wike lyn hie de voedselbank yn Ljouwert 275 klanten, dat binne der no al 325. Heal jannewaris is der wer pas plak foar intake-petearen. Der binne wol genôch krystpakketten foar alle 325 klanten fan de Ljouwerter voedselbank.

Trefwurden: 
Voedselbank klanten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)