Follybalsters tichtby stunt

22 des 2012 - 23:52

De follybalsters fan Snits wiene sneontejûn tichtby in enoarme stunt. De ploech fan coach Petra Groenland stie mei 2-0 yn sets foar tsjin koprinner Sliedrecht, mar ferlear úteinlik yn fiif sets. Snits mocht rûke oan de oerwinning, mar de spannende tredde set gie lykwols mei 23-25 nei Sliedrecht.

Dêrnei gie stadichoan it ljocht út by de Snitsers. Yn de fjirde set (20-25) en de fiifde set (8-15) wie Sliedrecht Sport de sterkste.

Trefwurden: 
Snits follybal
(advertinsje)