Flyers wint fan Den Haach

De Friesland Flyers ha lang om let dit seizoen fan HYS Den Haach wûn. Op it eigen Thialf-iis waard it 3-2 foar de ploech fan Chris Eimers. De earste perioade einige yn 1-1 mei de Flyer-goal fan Gerald Pollastrone. Yn de twadde perioade tilde Kevin Bruijsten mei twa treffers de stân nei 3-1. Yn de lêste perioade wist allinne Eddie Delgrosso foar De Haach it net te finen. De Friesland Flyers ha it tredde plak stevich yn hannen.