Aksje om lishinnen te rêden

22 des 2012 - 15:51

De stichting 'Red een legkip' keapet lishinnen fan lisbatterijen op om se te rêden fan de slacht. Yn in jier binne al sa'n 1500 piken ûnderbrocht by partikulieren. Yn Fryslân wol dat noch net sa slagje. Ien fan de 7 opfangplakken fan de stichting sit yn Twizelerheide. Jacqueline Verschuren fangt sa'n 40 piken op. It binne hinnen fan amper oardel jier âld, dy't net mear genôch aaien lizze foar de yndustry en dêrom slachte wurde. De opfangadressen hienen sneon iepen dei. Der wie net folle belangstelling.

It adoptearjen fan sa'n lishin kostet 7,50 euro de pyk. Eask is wol dat de nije eigener in soad romte foar se hat en de piken net yn 'e panne ferdwine.

Trefwurden: 
lishin
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)