NHL nimt Gameship oer

De NHL Hogeschool yn Ljouwert nimt de ynboel fan Gameship yn Ljouwert oer. Gameship wie in multymediaal bedriuw dat faillyt gie. De NHL hat ferlet fan in learbedriuw foar de eigen 900 studinten e foar studinten fan it MBO. Dat koe by Gameship en no nimt de NHL sels de taken oer.
Der wurdt ek socht nei bedriuwen dy't partisipeare kinne en wolle yn dit projekt. It giet om apparatuer om serious games te meitsjen foar bygelyks sporttrainingen en terapy. Der is trije ton foar betelle.