Karmerk duorsum fongen fisk

22 des 2012 - 11:26

Alle skol en tongfiskers fan de Kooperative Fiskerij Organisaasje hawwe it MSC-karmerk krigen. Dat hâldt yn dat de fisk op in duorsume wize fongen wurdt. Hast alle fisk dy't oanlevere wurdt by de fiskfeiling yn Lauwerseach hat it MSC-karmerk. It is de ferwachting dat ek de garnalen ynkoarten it MSC-karmerk krije. Dat is hiel wichtich foar it fuortbestean fan dy sektor, want sûnder karmerk krije se net in nije fergunning om te fiskjen. De fiskôfslach ISA fan Harns en Lauwerseach is sels ek al sertifiseard. 

Fisk mei it karmerk smiet oant no ta in bytjse mear jild op, mar de ferwachting is dat dy prizen aanst wer sakje om't hast alle fisk dy't oanlevere wurdt duorsum is.

Trefwurden: 
duorsum fisk karmerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)