Ofskied rjochtbankpresidint

De lêste presidint fan de Ljouwerter rjochtbank hat freed offisjeel ôfskied naam. Der is gjin plak mear foar mr. Stef van der Kolk, want de rjochtbank giet 1 jannewaris op yn de nije Rechtbank Noord Nederland. It bestjoer fan dy nije rjochtbank komt yn Grins. Van der Kolk wie sûnt 2009 presidint fan de Ljouwerter rjochtbank en wie in grut foarstanner fan in fúzje. Hy hat der mei alle macht oan meiwurke, want der wie amper draachflak foar in fúzje.