Hôf bliuwt yn Ljouwert

21 des 2012 - 15:29
  • Hôf bliuwt yn Ljouwert
  • Fred van der Winkel, de presidint fan it Gerjochtshôf Ljouwert Arnhem

It Gerjochtshôf bliuwt gewoan yn Ljouwert. Ek de kantoarfunksje sil net ferhúzje nei it Hôf yn Arnhem. Dat sei de presidint fan it nije Gerjochtshôf Fred van der Winkel by de weriepening fan it paleis fan Justysje yn Ljouwert. It ministearje fan Justysje hat dat tasein. Neffens Van der Winkel moat de polityk him foarearst ek deljaan oer dit ûnderwerp. Der sil wol fan alles feroarje by it Hôf. Hoe't dat krekt útpakt wurdt begjin takom jier dúdlik. Besocht wurdt om heger-beropsaken fan noarderlingen safolle mooglik yn Ljouwert ôf ta hanneljen.

It paleis fan Justysje yn Ljouwert waard weriepene nei in yngripende ferbouwing. Yn it gebou is no ûnder oare mear privacy.

Trefwurden: 
gerjochtshôf
(advertinsje)