Mear Fryske bedriuwen fallyt

21 des 2012 - 13:53

It tal bedriuwen dat dit jier fallyt gien is, groeide yn Fryslân it hurdst yn fergeliking mei de rest fan it lân. Dat docht bliken út sifers fan advysburo Dun & Bradstreet. Lanlik sjoen giene twintich persint mear bedriuwen fallyt as ferline jier, yn Fryslân giet it om in stiging fan sechtich persint. Foaral bedriuwen yn de soarch rêden it net mear, dit jier. It giet dan foaral om bernedeiferbliuwen.

Trefwurden: 
fallisemint bedriuwen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)