DNA Vaatstra-saak ferneatige

21 des 2012 - 12:51
  • DNA Vaatstra-saak ferneatige
  • Melanie Kompier fan it Iepenbier Ministearje
  • Arnoud Kal fan it NFI

Justysje stjoert alle mannen dy't meidien ha oan it DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra in betankbrief. Dat brief giet freed nei alle 6600 mannen dy't yndied DNA ôfstien ha. Yn it brief stiet fierder dat yntusken al it DNA-materiaal ferneatige is, 30 konteners fol. Dat is ferline wike freed yn de ôffaloven yn Dordrecht bard. Justysje sjocht werom op in suksesfol ûndersyk, om't in fertochte, de 45-jierrige Jasper S. fan Aldwâld, oanholden is.

Trefwurden: 
DNA Vaatstra
(advertinsje)