Man út Droegeham ferûngelokke

21 des 2012 - 09:55

In 21-jierrige man út Droegeham is tongersdeitejûn om it libben kaam bij in ûngelok yn Bûtenpost. De man ried mei de auto oer de Alde Dyk yn Bûtenpost en rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De auto bedarre yn in djippe sleat. In 20-jierrige man dy't ek yn de auto siet, koe der útkomme en helle help bij buertbewenners. Helpferlieners kamen te let om de man út Droegeham te rêden, dy wie al ferstoarn oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
Droegeham deadlik ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)