Fergees nei teater De Lawei

21 des 2012 - 07:37

Kliïnten fan de Voedselbank kinne fergees nei teater De Lawei yn Drachten. De Lawei docht mei oan in inisjatyf fan teaterselskip Orkater, om net ferkochte stuollen by in foarstelling beskikber te stellen foar minsken dy't gebrûk meitsje fan de voedselbank. Fan moandei ôf kinne minsken op fertoan fan it bewiis dat se dêrby oansletten binne, har melde by De Lawei.

Der binne noch mear teaters dy't meidogge oan Voedselbank Cultuur, sa't it inisjatyf hjit. De Lawei is oant no ta it iennichste Fryske teater. Orkater hopet dat net allinne skouboargen, mar ek konsertsealen, poppoadia, bioskopen en musea har oanslute by Voedselbank Cultuur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)