Goed jier museum Princessehof

21 des 2012 - 06:33

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat in goed jier achter de rêch. Der ha mear as 35.000 besikers west. De measten fan har kamen foar de tentoanstelling 'Groen geluk, van lusthof tot volkstuin', oer keramyk en tunen. Mei dik 27.000 besikers wie dat ien fan de meast súksesfolle útstallingen yn de skiednis fan it museum. It Princessehof krige dit jier ek in posityf advys fan de Ried foar Kultuer, wêrtroch't it museum de kommende fjouwer jier wis is fan rykssubsydzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)