PVV: fragen oer Polderhoofdkanaal

It Polderhoofdkanaal
De PVV yn Fryslân is net bliid mei de fertraging fan de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. De rjochter sette fan 'e wike in streek troch in belangrike natuerûntheffing, wêrtroch't it wurk foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal net fierder gean kin. Neffens de PVV giet it al lang net mear om de seldsume bisten yn it kanaal, mar om in hantsjefol minsken dy't der wenje en gjin boatsjes foar de doar del ha wolle. De steatefraksje hat opheldering frege oan deputearre steaten.
De fraksje wol witte hoefolle jild de provinsje kwytrekket, as de weriepening fan it Polderhoofdkanaal definityf net trochgiet.