Keamer komt op foar de Omrop

20 des 2012 - 20:35

De Twadde Keamer komt op foar Omrop Fryslân. Dy winsk hat de Keamer tongersdeitejûn útsprutsen op inisjatyf fan CDA-keamerlid Pieter Heerma. By de besunigings op de regionale omroppen moat it regear der rekken mei hâlde dat Omrop Fryslân wichtich is foar de Fryske taal. Heerma fynt dat Omrop Fryslân belangryk is foar de posysje fan it Frysk as twadde rykstaal. It kabinet wol besunigje troch de regionale stjoerders mear gearwurkje te litten mei de lanlike publike omrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)