Cambuur ûnwis oer haadsponsor

© awfoto.nl
Boubedriuw Dijkstra-Draisma hâldt nei alle gedachten op as haadsponsor fan SC Cambuur. Dat befestiget de direkteur fan de Ljouwerter fuotbalklup, Gerald van den Belt. Dijkstra-Draisma út Boalsert wie sûnt 2010 haadsponsor fan Cambuur. Van den Belt hopet dat it boubedriuw finansjeel ferbûn bliuwt oan de klup, mar is yntusken wol aktyf op syk nei in nije grutte jildsjitter.
Sicht op in nije haadsponsor foar Cambuur is der lykwols noch net. It boubedriuw wie net beskikber foar kommentaar.