FUMO offisjeel oprjochte

Yn Ljouwert is tongersdei de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) oprjochte. Dizze provinsjale mienskiplike regeling is troch it Ryk oplein, omdat der by grutte rampen gjin goede gearwurking wie tusken de ferskate oerheden.
De FUMO bestiet út de provinsje, de Fryske gemeenten en Wetterskip Fryslân. De FUMO moat aanst alle miljeufergunnings kontrolearje en yn aksje komme as in bedriuw dingen docht dy't net meie.
Op dit stuit binne de fergunnings in saak fan de gemeenten, yn gearwurking mei de Milieu Advies Dienst en dy giet ek oer nei de FUMO. De gemeenten West- en Eastellingwerf en Opsterlân woenen net meidwaan, mar der wurdt praat en neffens deputearre Kramer tinke se der no al wat oars oer.