Soarch oer 'ein fan 'e wrâld'

20 des 2012 - 17:29

Helptsjinst Sensoor krijt tillefoantsjes fan minsken dy't harren soargen meitsje oer de ein fan 'e wrâld. Oanlieding foar it doemtinken is de kalinder fan de âlde Maya's. Dy soe ophâlde, mar dat kin lykwols op ferskate wizen ynterpretearre wurde: fan it fergean fan de wrâld oant de oergong nei in nije tiid fan leafde en kompasje.

De minsken dy't Sensoor belje, fiele harren faak troch oare redenen al min. De berjochten oer de apokalyps meitsje it allinnich mar slimmer.

Fierwei de measte minsken leauwe hielendal neat fan de foarsizzings fan de Maya's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)