Wynenerzjy út Nuonjild

20 des 2012 - 15:04

De provinsje wol in fûns yn it libben roppe foar duorsume enerzjyprojekten. Dêr komt 90 miljoen euro yn, ôfkomstich út de Nuonjilden. It giet neffens deputearre Konst net om subsydzjes. De provinsje wol as meifinansier mei bedriuwen en organisaasjes projekten opsette. It giet dan bygelyks om wynenerzjy en biofergistynstallaasjes.

It plan komt yn febrewaris yn provinsjale steaten. Neffens deputearre Konst komt it jild dan yn 2014 beskikber.

Trefwurden: 
Nuon wynenerzjy
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)