Boontjes wer befarber

20 des 2012 - 14:33

De drompel yn de fargeul De Boontjes by Harns is fuortgroeven. Djipstekkende skippen moasten oars altyd wachtsje op heech wetter om oer de drompel te kinnen, mar no kinne se sa de haven fan Harns ynfarre.

Ut de provinsje Fryslân en de skipfeart wei is jierren besocht de Boontjes op djipte te krijen. It hat lang duorre foardat it jild dêrfoar byinoar wie. Op 1 oktober hellen deputearre en doetiidsk steatssiktaris Joop Atsma de earste bagger omheech.

Trefwurden: 
boontjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)