Paradise Lost by Aldehou

De Britske band Paradise Lost is de haadact op it metalfestival Into the Grave yn Ljouwert. It is neffens de organisaasje it iennige optreden dat de band dit jier yn Nederlân jout. Oare acts op it festival binne de Amerikaanske groepen Devildriver en Jungle Rot, en it Belgyske Bliksem. Dêr komme ynkoarten mear nammen by.
It metalfestival wurdt op 10 augustus hâlden op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.