Dronken troch tún fan buorlju

20 des 2012 - 14:12

In 49-jierrige man út Bûtenpost is yn de nacht fan woansdei op tongersdei mei drank op troch de tún fan syn buorlju riden. Dêrnei is de man nei Tsjummearum riden. Dêr hat de plysje him yn in hûs oan de Cecilia Benninghastrjitte oanhâlden.

De man hie fierste folle dronken, sa die bliken. Hy hat alris earder pakt west foar it riden mei drank op. Syn rydbewiis wie dêrom al yn beslach naam.

Trefwurden: 
dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)