Wurkleasheid omheech

20 des 2012 - 10:01

It tal minsken mei in ww-útkearing is yn fergelyk mei in jier ferlyn mei ien fjirde omheech gien. Dat docht bliken út de sifers fan it UWV oer novimber. Ein novimber hiene yn Fryslân hast 15.000 minsken in útkearing. In jier derfoar wiene dat trijetûzen minder.

Yn Fryslân gie de wurkleasheid it heechst omheech op Flylân. It eilân krige yn fergelyk mei oktober de helte mear. Yn Dongeradiel, Ferwerderadiel, It Bilt en Tytsjerksteradiel kamen der ek mear wurkleazen by. Yn alle fjouwer gemeenten gie it tal omheech mei mear as 40 persint.

Trefwurden: 
wurkleasheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)