Gebieten foar greidefûgels

20 des 2012 - 09:56

Greidefûgels moatte opfongen wurde yn spesjale gebieten fan op syn minst 250 bunder. Foar soksoarte gebieten kin de eigener subsydzje krije foar it behear. Mei-inoar moat 40.000 bunder sa ynrjochte en beheard wurde dat de greidefûgels dêr ferbliuwe kinne, sa wol de provinsje.

De provinsje hat 1 miljoen euro yn it jier foar de gebieten oer. Njonken dat jild moat it draachflak foar de beskerming fan de greidefûgel ek tanimme. Benammen ûnder boeren en natuerbehearders is dat fan grut belang, is de provinsje fan betinken.

Trefwurden: 
greidefûgels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)