Follybalfroulju Snits út beker

19 des 2012 - 21:53

De follybalfroulju fan Snits ha yn de achtste finale om de nasjonale beker kânsleas mei 3-0 ferlern fan Peelpush. Yn Meijel (Súd-Limboarch) waard it 3-0 foar de thúsploech. De setstannen: 25-17, 25-14 en 25-23.

Yn de kompetysje ferlear Snits yn eigen hal de earste kompetysjewedstriid yn in fiifsetter ek al fan Peelpush. Dochs stean de Snitser froulju tredde yn de kompetysje mei acht punten mear as de nûmer fjouwer Peelpush.

Trefwurden: 
Snits froulju follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)