Moasje Omrop unanym oannommen

19 des 2012 - 17:03

De moasje fan de FNP oer Omrop Fryslân is yn provinsjale steaten unanym oannommen. De moasje stelt dat Omrop Fryslân yn de kabinetsplannen foar de útwurking fan it nije mediabestel in ûnôfhinklike en selsstannige posysje hâlde moat as iennichste publike stjoerder yn de twadde rykstaal.

Dêrneist moatte de bestjoersôfspraken oer de finansiering fan de omrop neikommen wurde om in komplete en brede programmearring fan Omrop Fryslân oerein te hâlden.

De moasje giet nei de regearing, de Earste en Twadde Keamer, nei alle oare regionale omroppen en nei it IPO, it ynterprovinsjale oerlis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)