Kaart mei karbydsjitplakken

De belangeferiening 'Hoor Friesland' bringt yn kaart op hokker lokaasjes op âldjiersdei mei karbyd sketten wurde sil. Dat docht de feriening op fersyk fan minsken mei gehoarproblemen, dy't slim lêst ha fan it karbydsjitten. Sa hawwe se de mooglikheid om op âldjiersdei in rêstiger plakje op te sykjen. 'Hoor Friesland' wiist der op dat der wol faak rekken holden wurdt mei bisten dy't lêst hawwe fan fjoerwurk. Mar dat ek in protte minsken dy't min hearre, slim gefoelich binne foar hurde lûden, is minder bekend.
It oersjoch fan it karbydsjitten komt te stean op de webside http://hoorfriesland.nl/carbidschieten