Befeiligers mei op busline 71

19 des 2012 - 14:43

Busferfierder Arriva lit yn de wykeinen befeiligers meireizgje op de lêste twa ritten fan lijn 71 tusken Harns en Ljouwert. Dizze maatregel wurdt troffen nei oanlieding fan eardere ynsidinten mei jonge reizgers dy't har misdroegen yn de saneamde borrelbussen fan Connexxion. De bussen riden fan en nei de TDF-diskoteek yn Berltsum. Sûnt begjin dizze moanne ride de borrelbussen net mear omdat Arriva it ferfier foar Noard-Fryslân oernommen hat. De befeiligers yn de bussen fan Arriva kinne by oerlêst of drankgebrûk reizgers de tagong wegerje.

Sûnt dit wykein fersoarget TDF sels it diskoteekferfier.

Trefwurden: 
Arriva befeiligers line 71
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)