Steaten: mear ûndersyk Thialf

19 des 2012 - 14:29

In mearderheid fan provinsjale steaten wol dat der ekstra ûndersyk komt nei de eksploitaasje fan in nij Thialf. De juridyske struktuer moat dêrby ek besjoen wurde. Dat is woansdei dúdlik wurden yn provinsjale steaten by de behanneling fan de nijbouplannen foar it stadion.

Ferantwurdlik deputearre Hans Konst hat it ekstra ûndersyk yntusken tasein. De útkomsten moatte uterlik febrewaris bekend wêze. It foarstel foar it ûndersyk waard yntsjinne troch de PvdA, it CDA, de FNP en Friese Koers.

Trefwurden: 
Thialf ûndersyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)