Skoalle Earnewâld bliuwt iepen

De Master Frankeskoalle yn Earnewâld mei foarearst iepen bliuwe. It ministearje fan ûnderwiis hat besletten de noarm fan it minimum oantal learlingen net oan te passen. Dat is no 23 en soe ophege wurde nei 63. Dat soe funest wêze foar de skoalle om't dy yn de takomst ûnder dat oantal komt.
Omdat de Master Frankeskoalle in spesjale status hat is de steatssiktaris fan ûnderwiis ree om dy foarearst sa te hâlden. It giet om in unike gearwurkingsskoalle dêr't kristlik en iepenbier ûnderwiis jûn wurdt.
Om't it regear yn krimpgebieten alle foarmen fan gearwurking mooglik meitsje wol is besletten de skoalle te behâlden.