Tsjinslach Polderhoofdkanaal

19 des 2012 - 14:12

Trije rjochters ha woansdei in wichtige ûntheffing foar de iepenstelling fan it Polderhoofdkanaal yn Opsterlân ynlutsen. Dat seit advokaat Gina Kamsma dy't de tsjinstanners fan de plannen fertsjintwurdiget.

De ûntheffing op de flora- en faunawet wie noch ferliend troch âld steatssekretaris Bleker. Dêrby hat hy lykwols twa bisten oer de kop sjoen. Boppedat wie it algemien belang fan de weriepening fan it kanaal net goed ûnderboud. Foaral de wurkgelegenheidseffekten soene net goed genôch oantoand wêze.

De gemeente is teloarsteld yn de útspraak en hat it ministearje fan Ekonomyske Saken om in stânpunt frege. Dat wurdt earst ôfwachte. Undertusken wurdt de útspraak bestudearre. Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân hawwe mei de provinsje de rezjy oer it projekt en sille mei dizze partijen oerlizze oer de te nimmen ferfolchstappen en mooglikheden.
It projekt mei 17 miljoen euro kostje. Dêrfan is al 6 miljoen euro útjûn. It wurk moat op 1 jannewaris 2014 úteinsette en yn de simmer fan 2015 moatte de boatsjes der farre kinne om alle subsydzjes binnen te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)