AZC Sint Anne langer iepen

© Google streetview
It asylsikerssintrum yn Sint Anne bliuwt foarearst iepen. Dat hat it COA woansdei bekendmakke oan bewenners en personiel. Yn septimber makke it COA bekend dat de opfanglokaasje yn Sint Anne ticht gie omdat der minder flechtingen binne. No blykt dat de fraach nei opfangplakken wer wat tanimt en bliuwt it AZC yn Sint Anne foarearst iepen. Op it AZC wenje no sa'n 230 minsken.
Boargemaster Gerrit Krol fan de gemeente It Bilt is bliid mei it beslút fan it COA. Sa kin it personiel op it AZC foarearst oan it wurk bliuwe.