25 jongeren pakt mei fjoerwurk

19 des 2012 - 11:51

Yn Fryslân binne op dit stuit 25 jongeren pakt dy't te betiid fjoerwurk ôfstutsen ha. Sy moatte har melde by buro Halt en krije fuortdaliks in wurkstraf. Fjoerwurk mei allinnich op âldjiersdei ôfstutsen wurde tusken tsien oere moarns en twa oere nachts. De ferkeap set 28 desimber útein.

De plysje freget minsken dy't tsjûge binne fan fernielings dit fuort te melden by de plysje. As der bylden fan binne kinne dy ek uploaden wurde op de webside fan de plysje. Sa moat it makliker wurde dieders op te spoaren en te ferfolgjen.

Trefwurden: 
buro Halt fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)