Ferwûne by slim ûngelok Nijlân

19 des 2012 - 11:19

In 42-jierrige automobilist fan Boalsert is tiisdeitejûn swier ferwûne rekke op de Trije Diken by Nijlân. De Boalserter rekke yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt, bedarre yn de berm en botste tsjin in beam. De man waard ôflaat omdat hy drok yn petear wie mei syn heit dy't by him yn de auto siet.

De heit koe sels út de auto krûpe. Hy hie ferwûnings oan syn earms en skonken. De soan rekke troch de klap út de tiid en is mei stikkene bonken en ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)