Harns ferliest saak Ludinga

De gemeente Harns giet yn berop tsjin in útspraak fan de rjochtbank oer it ûnderhâld fan de diken en it iepenbier grien yn de wenwyk Ludinga yn Harns. De gemeente hat al in skoft in skeel mei ûntwikkellingsmaatskippij Klaver fan de wyk oer wa't dat ûnderhâld dwaan moat.
Neffens de gemeente stiet yn it kontrakt dat Klaver ferantwurdlik is, mar dy ûntstriidt dat. En de rjochtbank jout Klaver dêr no gelyk yn. Yn ôfwachting fan de útspraak yn it heger berop pakt de gemeente wol de grutste problemen by de diken oan.