Topdrokte by postsortearsintra

19 des 2012 - 07:36

De meiwurkers fan it postsortearsintrum fan Post NL yn Ljouwert meitsje dizze dagen wer oeroeren. Hast 24 oeren deis wurdt der op it stuit trochwurke om alle krystkaarten en oare post te ferwurkjen.

It is tradisjoneel de drokste tiid fan it jier foar it postbedriuw. In gemiddeld húshâlden ferstjoert sa'n 40 krystkaarten. Post NL tinkt dat it troch al dy drokte dreech wurde sil de post op tiid by de minsken thús te krijen.

Trefwurden: 
kryst post PostNL krystkaarten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)