Epke wer sportman fan it jier

18 des 2012 - 22:09

Epke Zonderland is tiisdeitejûn yn Amsterdam opnij keazen ta sportman fan it jier. De Fryske topturner makke op de Olympyske Spelen grutte yndruk mei syn gouden oefening oan it rek. Epke krige de foarkar boppe wynsurver Dorian van Rijsselberghe en reedrider Stefan Groothuis. Ek foarich jier en yn 2009 wie Zonderland sportman fan it jier. Daniël Knibbeler, Epke syn trainer en coach, waard keazen ta coach fan it jier.

Swimster Ranomi Kromowidjojo waard sportfrou fan 2012. Se fersloech û.o. Marianne Vos en Marit Bouwmeester.

De hockeyfroulju waarden útroppen ta sportploech. Atlete Marlou van Rhijn waard de bêste hendikepte sporter fan it jier en BMX'ster Laura Smulders it talint fan it jier. Hynstefrou Anky van Grunsven krige de Fanny Blankers-Koen karriêrepriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)