Cambuur út de beker

SC Cambuur is der yn Den Bosch net yn slagge om de kwartfinale, de lêste acht, fan de KNVB beker te heljen. De pleatslike FC wûn mei 1-0 troch in doelpunt fan Tom van Weert yn de 36e minút. Dyselde Van Weert skeat fiif minuten letter in penalty op de peal. Cambuur hie wol in protte balbesit, mar it tempo wie faak te leech. Ek mei Michiel Hemmen en Melvin de Leeuw yn de ploech foar de lêste 20 minuten slagge it net om te skoaren.