Nije banen troch masterplannen

18 des 2012 - 19:00

De masterplannen dy't de gemeente Súdwest-Fryslân de kommende jierren útfiere sil yn Boalsert, Makkum, Starum en Warkum sille de gemeente 110 banen opsmite. Dat ferwachtet wethâlder Offinga fan Súdwest-Fryslân. Gemeente, provinsje en Europa stekke mei-inoar sa'n 10 miljoen euro yn it opknappen fan dy fjouwer plakken. De ynvestearrings fan de oerheid meitsje wer partikuliere ynvestearrings los foar in folle heger bedrach. Wethâlder Offinga is dêr wiis mei, want dat smyt wurkgelegenheid op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)