Aris hat noch gjin haadsponsor

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
It is de Ljouwerter basketballklup Aris noch net slagge om in nije haadsponsor te finen. Dat skriuwt it kolleezje fan b. en w. yn in brief oan de Ljouwerter gemeenteried. Ofrûne simmer drige de klup yn finansjele problemen te kommen. Ek drige it syn spyllisinsje foar it nije seizoen te ferliezen. Yn oerlis mei de ried waard besletten dat de gemeente Ljouwert garant stie foar in bedrach fan 100.000 euro. Betingst wie wol dat Aris siket nei nije sponsors. It bestjoer is dêr drok mei dwaande mar oant no ta sûnder súkses.